No yn Fryslân fan 23 jannewaris 2020 12:00

    In Europeesk projekt dat âld-bankmeiwurkers helpe moat, dy't troch de bankekrisis har baan kwytrekke binne, hat súkses. Yn No yn Fryslân it ferhaal fan Yvette Westerhof. Se wurke by in bank en is no makelder, mei help fan dat Europeeske jild.

    Auke de Jong fan de bernebuorkerij yn Bears is bliid. Neidat it ferhaal oer dat er oplichte wie op nasjonale tv te sjen wie, streamde de donaasjes binnen en binne syn soargen sawat foarby.

    Jongeren dy't wol yn de horeka wurkje wolle op de Waadeilannen, kinne fannemiddei in bootcamp dwaan, wêrby't se alfêst leare kinne hoe't se mei folle tsjinblêden rinne moatte of in bêd opmeitsje moatte.

    En Zahira Lieneke Mous waard slachtoffer fan seksueel misbrûk en ferwurket dat trauma troch dûns. Se hat in foarstelling makke dy't jûn yn De Lawei yn Drachten te sjen is

    12:11 - Lutricia Mcneal - My Side Of Town
    12:19 - John Legend - Love Me Now
    12:26 - Bruce Springsteen - I'm On Fire
    12:40 - Wiebe - Swart Op Wyt
    12:48 - Rolf Sanchez & Emma Heesters - Pa Olvidarte

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)