No yn Fryslân fan 23 desimber 2017 08:00

* WoonFriesland keapet hast trijehûndert wenningen oer fan wenningkorporaasje Mooiland

* Ynwenners fan Achtkarspelen moatte takom jier mear betelje foar har wettergebrûk. Dat komt neffens wetterbedriuw Vitens om't de prekariobelesting omheech giet, mar de gemeente is dêr fernuvere oer

* De kollum op dizze sneontemoarn komt fan Ferdinand de Jong

* Mear as fyftich fytsleafhawwers stappe fan 'e moarn op de fyts om in tocht fan It Hearrenfean nei Apeldoorn ôf te lizzen foar Serious Request.

* In desepsje foar Sportklup Cambuur justerjûn. De ploech ferlear út mei 3-0 fan Helmond Sport.

* Fjouwer-en-tritich monuminten yn Fryslân krije foar miljoenen euro's in opknapbeurt.

08:14 - Marco Borsato - Thuis
08:38 - Sipke De Boer - Fryslan
08:49 - Babette Van Veen - 's Wonderful
Tiete Sijens

No yn Fryslân

Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken dy’t Fryslân reitsje yn ‘De hite hei’ en it ‘Media-oersjoch’.
Presintaasje: 
Tiete Sijens
(advertinsje)