No yn Fryslân fan 22 novimber 2019 12:00

    Der komt in helberheidsûndersyk nei de 'Lelylijn', in treinferbining tusken it noarden en de Rânestêd,oer ûnder oare Drachten. Dat is al lang in winsk fan it noarden. Deputearre Fokkens is bliid dat it Ryk der no serieus nei sjucht.

    De provinsje set in stik natuer yn Gaasterlân te keap. It is foar it earst dat ek partikulieren dêr ek op biede meie. Se moatte wol in goed plan ha. En flink wat jild, want de fraachpriis is mear as trije ton.

    De 13-jierrige Sterre út Snits kollektearret foar ûndersyk nei MS. Har mem hat dy sykte. Se fertelle beide wat dat foar harren betsjut.

    Wat fine de minsken op de Freedsmerk yn Ljouwert fan de leankleau tusken manlju en froulju?

    12:17 - Queen - A Kind Of Magic
    12:38 - Jos Harteveld - Ritme Fan Myn Hert
    12:47 - Coldplay - The Hardest Part

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)