No yn Fryslân fan 22 novimber 2017 12:00

* Echt drok is it noch net by de weryndielingsferkiezingen yn de provinsje. Noch gjin tsien persint fan de kiezers hat oant no ta syn stim útbrocht.

* Muzyk yn it sikehûs, dat is goed foar de sûnens. Yn Nij Smellinghe yn Drachten klinke fan hjoed ôf de klanken fan in fleugel.

* Anne Hettinga fan Arriva sjocht de nije Europeeske regels foar it busferfier net as in bedriging. Neffens him sille oare bedriuwen echt net al it wurk ynpikke.

* In stimburo yn Stiens hat in bysûnder trio. Al 20 jier sitte se mei-elkoar op it stimburo yn basisskoalle De Sprankel

12:12 - Ed Sheeran - Perfect
12:39 - Syb Van Der Ploeg & Piter Wilkens - Leven Van De Wind
12:48 - Sasha - If You Believe

Tiete Sijens

No yn Fryslân

Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken dy’t Fryslân reitsje yn ‘De hite hei’ en it ‘Media-oersjoch’.
Presintaasje: 
Tiete Sijens
(advertinsje)