No yn Fryslân fan 21 jannewaris 2020 12:00

    De GGZ en opfangorganisaasje Zienn yn Ljouwert liede de needklok: sij kinne har wurk net mear dwaan foar it jild dat se derfoar krije fan de gemeente.

    It projekt Iedereenfietst yn Ljouwert siket twaddehâns fytsen. Monteurs knappe dy fytsen op, sadat bern fan wa't de heit en mem it sels net betelje kinne, der fergees ien krije kinne. Mar dan moatte dy fytsen der wol wêze...

    Studinten fan it Friesland College op It Hearrenfean meitsje wapenkisten nei, sa't dy yn de oarloch dropt waarden. De kisten wurde brûkt by in beleefkuier op 2 maaie yn De Deelen, om de befrijing te betinken.

    12:11 - Swing Out Sister - Am I The Same Girl
    12:24 - Taylor Swift - Shake It Off
    12:38 - Weima & Van Der Werf - De Nacht
    12:46 - Coldplay - Orphans

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)