No yn Fryslân fan 21 febrewaris 2020 12:00

    Boargemaster Waanders fan -doedestiids- Dongeradiel hie de anti-swartepitedemonstraasje by de lanlike yntocht fan Sinteklaas yn Dokkum yn 2017 net ferbiede mochten, hat de rjochtbank hjoed sein. Waanders reagearret yn No yn Fryslân.

    Alle toppers fan de alvestêdetocht fan 1985, hjoed 35 jier lyn, treffe elkoar dizze dei op in reüny yn it reedrydmuseum yn Hylpen. Jan Kooiman (de nûmer fjouwer) en Ineke Kooiman (de nûmer trije) fertelle oer de organisaasje fan de dei.

    Tri-atleet Stefan van der Pal hat syn trening fan 72 oeren foar de alvestêdeswimtocht der op sitten. Hoe sjucht er werom?

    De minsken op de Freedsmerk yn Ljouwert prate oer in messeferbod: soe Nederlân dêr feiliger fan wurde?

    12:11 - Cranberries - Just My Imagination
    12:18 - Blof & Geike Arnaert - Zoutelande
    12:38 - Hessel Rienstra - Mear In Super As In Fretter
    12:45 - Celeste - Stop This Flame

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)