No yn Fryslân fan 20 febrewaris 2020 12:00

    It Mesdag Zuivelfonds komt fannemiddei mei syn sifers oer de stikstofútstjit. Mar de sifers binne al útlekt: de agraryske sektor is foar in kwart ferantwurdlik foar de folsleine stikstofútstjit, tsjin de 46% fan it RIVM. Ferslachjouwer Hayo Bootsma praat ús by oer de ferskillen.

    Buertbus 103 dy't yn de Súdwesthoeke rydt, hat te min sjauffeurs en siket dêrom nije frijwilligers. Ferslachjouwer Lennie Bronsveld rydt in stikje mei.

    It Fries Museum yn Ljouwert moat mear omtinken ha foar de Fryske keunst en Fryske keunstners, dat wol de nije konservator moderne keunst, Hanne Hagenaars.

    It Fryske Gea bestiet njoggentich jier. Yn No yn Fryslân in petear mei direkteur Henk de Vries.

    12:13 - Traveling Wilburys - Handle With Care
    12:25 - Of Monsters And Men - Little Talks
    12:40 - Mosken - Juf
    12:47 - Harry Styles - Adore You

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)