No yn Fryslân fan 2 desimber 2019 12:00

    Boeren meitsje har op foar wer in protestaksje: se binne it net iens mei de ferheging fan de wetterskipsbelesting mei dik 15 persint. Se wolle dat witte litte by in gearkomst jûn fan it Wetterskip Fryslân. Hoe sit it krekt mei dy hegere lesten? Wêrom moat it Wetterskip mear jild ha? Ferslachjouwer Onno Falkena leit út.

    Undernimmers sitte te springen om de oanlis fan de Lelyline, tusken it Noarden en de Rânestêd, mei in stasjon yn Drachten. Want dan bist rapper hinne en wer. Hoe lang dochst dêr no oer, oer it besteande spoar? Ferslachjouwer Lennie Bronsveld giet hjoed op en del nei Amsterdam.

    Bern op de middelbere skoalle fine net sa folle oan Frânsk en Dútsk. Skiednis en ierdrykskunde fine se leuker, docht bliken út ûndersyk. Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort is op it Ljouwerter lyceum. En fynt dêr foaral jonges dy't gimmestyk it leukste fine en ien famke dat wól graach Frânske les krijt.

    Yn in winige Soestpolder by Burgum binne op dit stuit opnamen foar de grutte oarlochsfilm 'De Slag om de Schelde'. Produder Alain de Levita fertelt wêrom't de filmcrew de Soestpolder keazen hat foar de film, dy't foar in grut part yn Seelân spilet.

    12:12 - Duran Duran - Ordinary World
    12:25 - Zara Larsson - Lush Life
    12:39 - Weima & Van Der Werf - De Nacht
    12:47 - Ed Sheeran Ft. Khalid - Beautiful People

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)