No yn Fryslân fan 19 maaie 2018 08:00

* Doarpsbelang Easterbierrum hat grutte soargen oer it ferhieren fan keamers yn it doarp oan arbeidsmigranten en stjoert alle ynwenners in brief. Yn it Nederlânsk, Ingels én Poalsk.

* Omrop Fryslân is fan 1 july ôf wer yn hiel Nederlân te sjen, mei tank oan jild fan de provinsje.

* De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys meitsje it wer spannend. Nei winst op Pernis justerjûn moat der in beslissende wedstriid oan te pas komme om út te meitsjen wa't lânskampioen wurdt.

* Ljouwert wurdt hieltyd feiliger blykt út de sifers, mar de boeven lykje hieltyd mear online aktyf te wêzen.

* Komme der no aanst werklik wier gasten út Europa nei Fryslân om de fonteinen te besjen? Minister Ingrid van Engelshoven tinkt fan wol.

* Nei it hûs yn Aldebiltsyl kinst no ek in hûs winne yn Harns. Dêr sil it lot útmeitsje wa't him ynkoart in 'Ouwe Seun' neame mei.

* En de kollum is hjoed fan Ferdinand de Jong.

De Toan fan Ferdinand de Jong

  • De Toan fan Ferdinand de Jong

08:16 - Mr. Probz - Space For Two
08:37 - Natalie Imbruglia - Torn
08:46 - Jan De Vries - Land Fan Taal

Tiete Sijens

No yn Fryslân

Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
Presintaasje: 
Tiete Sijens
(advertinsje)