No yn Fryslân fan 19 desimber 2019 12:00

    Sosjale wurkfoarsjenner Caparis komt yn hannen fan fjouwer oandielhâldende gemeenten. Fjouwer oare gemeenten stappe der mei yngong fan ien jannewaris út, ma ha yn in kontrakt fêstlein dat se de earste fiif jier klant bliuwe.

     Fytsefabrikant Accell fan It Hearrenfean hat in grutte oarder binnenhelle: it mei de nije fytsen fan de plysje leverje.

    De behannelgroep fan helpferlieningsorganisaasje Fier yn Ljouwert foar jonges dy't te krijen hân ha mei seksueel misbrûk bestiet noch mar koart, mar der is al in wachtlist. It komt folle faker foar as at we tinke, seit in terapeut fan Fier.

    Darter Danny Noppert makket him op foar it WK. Dat begjint jûn.

    12:14 - Boyzone - Love Me For A Reason
    12:40 - Jan Nota - Skoanheit
    12:47 - Taylor Swift - Christmas Tree Farm

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)