No yn Fryslân fan 18 novimber 2019 12:00

    Hoe moat it fierder yn Súdwest-Fryslân no't it kolleezje dêr út elkoar fallen is? Wol de FNP yn it gat springe? Fraksjefoarsitter Corrie Bergstra komt oan it wurd.

    Wethâlder Jelle Zoetendal fan de gemeente Hearrenfean wie mei mear as hûndert kollega's yn Den Haach dêr't de Twadde Keamer hjoed praat oer de begrutting foar de jeugdsoarch. Se wolle mear jild fan it Ryk, en se wolle belutsen wurde by it oplossen fan de problemen.

    De plysje wol dat famylje fan fermiste minsken DNA-materiaal ôfstiet. Want dêrmei kinne de fermissingen miskien oplost wurde, lykas dy fan kapitien Andries Penning. Hy rekke fermist yn 1953 en waard mei help fan DNA-materiaal fan syn soan weromfûn, yn in namleas grêf op Skylge.

    Yn Noard-Burgum nimme bewenners en personiel ôfskied fan it 'âlde' ferpleechhûs Toutenburg. Want dat is ferfongen troch nijbou.

    12:12 - Something Happens - Parachute
    12:23 - Lange Frans & The Lau - Zing Voor Me
    12:36 - Jos Harteveld - Ritme Fan Myn Hert
    12:47 - Jonas Brothers - Only Human

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)