No yn Fryslân fan 18 febrewaris 2020 12:00

    Direkteur Boonstra fan wetterynstitút Wetsus is der bliid mei dat de Twadde Keamer praat oer de digitale feilichheid fan ûndersyksynstitúten. De VVD yn de keamer hat fragen steld oer de hack by Wetsus, koartlyn.

    Dakdekkers ha it smoardrok mei it werstellen fan de skea troch de stoarmen Ciara en Dennis. Dakdekker Douwe Schippers fan It Hearrenfean kin it wurk kwalik oan, fertelt er yn No yn Fryslân.

    In hiel soad minsken wolle wol in fergees nestkastke ha, dy't de gemeente Achtkarspelen ynset yn de striid tsjin de ikeprosesjerûp. Mar ek minsken dy't der gjin lêst fan ha, helje sa'n kastke op, heart ferslachjouwer Willem Vermeltfoort.

    Ali Sepet fan waskerij en kleanwertelbedriuw Modres op It Hearrenfean moat noch altiten bekomme fan de brân dy't syn bedriuw twa wiken lyn trof. 

    12:08 - Billy Joel - You're Only Human
    12:17 - Nick & Simon - Een Nieuwe Dag
    12:24 - Alizee - Moi Lolita
    12:39 - Weima & Van Der Werf - In Fries
    12:48 - Symbol (Prince) - The Most Beautiful Girl

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)