No yn Fryslân fan 17 oktober 2019 12:00

    Hoe is it mei de boeren dy't op dit stuit noch yn Den Haach binne? It moarnsbrochje dat se Hagenaars oanbeane, foel yn elts gefal goed yn de smaak, fernaam ferslachjouwer Gerrit de Boer.

    Der wurdt fan alles kontrolearre as it giet om wat der yn it Waadgebiet gebeurt, mar der is net ien goed oersjuch fan. De Waadferiening, mar ek sâltwinbedriuw Frisia Zout BV pleitsje dêrom foar ien organisaasje dy't it oersjuch hâlde kin, sadat dúdlik wurdt wat foar skea al dy aktiviteiten op it Waad oanrjochtsje oan de natuer.

    Noardeast-Fryslân krijt -no noch- deputearre Johannes Kramer as nije boargemaster. Mar de minsken dy't ferslachjouwer Bauke Deelstra tsjinkaam, kinne dy hiele Kramer net...

    Hoe is it mei Willem Jelle Bellinga fan Koudum, no't de sinneauto dêr't hy oan meiwurke hat by de World Solar Challenge Race, yn de brân flein is? 

    Ien op de acht biste- en plantesoarten wrâldwiid stiet op omfallen. Ek yn Fryslân wurde bisten en planten bedrige. Sietske Rintjema fan it Fryske Gea fertelt deroer.

    12:13 - Farm - All Together Now
    12:39 - Wiebe - Swart Op Wyt
    12:51 - Lewis Capaldi - Someone You Loved

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)