No yn Fryslân fan 17 jannewaris 2020 12:00

    Gerjochtstolken fiere aksje yn Ljouwert, se wolle mear fertsjinje en se wolle net dat it Ryk minsken mei minder taalbehearsking opnimt yn it register foar tolken.

    Wetterskipsbestjoerder Jan van Weperen leit út wêrom't it Wetterskip by Raard twa baggerdepots ynrjochtet op lân dêr't nei jierren eindelik werris wat spantsjes skriezen sitte.

    Learlingen fan it kristlik gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert naaie bûdels foar de kangoeroejongen dy't yn Austraalje de mem kwytrekke binne troch de boskbrannen.

    Minsken op de Freedsmerk yn Ljouwert bûge har oer de fraach oft de Nederlânke flagge plak krije moat yn de steateseal fan it provinsjehûs.

    Der binne gjin gegevens fan pasjinten stellen by de cyberoanfal op sikehûs MCL yn Ljouwert, fertelt wurdfierder Gerard Akkerman fan it sikehûs. Likegoed bliuwt it systeem offline, sa lang't der gjin updates binne fan it Citrixsysteem, dat hacked is.

    12:10 - Paul Mccartney - Hope Of Deliverance
    12:19 - Imagine Dragons - On Top Of The World
    12:26 - John Legend - P.D.A.
    12:37 - Days To Imagine - Heechspanning
    12:51 - Miss Montreal - Een Stap Terug

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)