No yn Fryslân fan 17 febrewaris 2020 12:00

    Rekôr nei rekôr sneuvele juster mei al dat reinwetter dat nei ûnderen kaam. Ferslachjouwer Maaike van der Hoek is de provinsje yn om te sjen foar wat foar problemen it wiete waar soarget by boeren.

    Fryske bedriuwen begjinne de gefolgen te fernimmen fan it coronafirus yn Sina. Kompjûterbedriuw Peta PC yn Ljouwert hat leveringsproblemen.

    De VVV op Skylge hat ôfdankte poddestuollen fan de ANWB op Marktplaats set en dêr wurdt om raak op bean. 

    It platfoarm Noflik Wenje moat bliuwe, dat him ynset foar foar in wenfoarm foar demintearjenden yn Oentsjerk is lulk op soarchorganisaasje Patyna. Dy praat mei oernamekandidaten, mar it platfoarm mei net meiprate.

    It is wawat twa wiken nei de brân yn naaiatelier en waskerij Modres op It Hearrenfean. Eigner Ali Sepet krijt in soad help om wer opnij te begjinnen, mar hy is noch wol bot fan slach. Dat seit syn freon Wout de Jong.

    12:13 - Lene Marlin - Sitting Down Here
    12:21 - Matt Simons - We Can Do Better
    12:40 - Wim De Boer - Gretha
    12:49 - Cardi B Ed Sheeran & Camila Cabello - South Of The Border

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)