No yn Fryslân fan 16 desimber 2019 12:00

    Folop boerenijs yn No yn Fryslân: 

    It Lânboukollektyf hat oerlis hân mei premier Rutte en lânbouminister Schouten, oer de stikstofproblematyk. Alle partijen fûnen it in goed petear, mar boeren beriede har op wat se der fierder mei sille.

    Wetterskip Fryslân hat oerlis hân mei de plysje, no't boeren driigje moarn smoargens te dumpen op it parkearterrein by it Wetterskipsgebou, út protest tsjin de hegere belestingen. De gearkomst dêroer wurdt ferpleatst nei it WTC Expo yn Ljouwert.

    Wethâlder Feitsma praat dy by oer de ambysjes fan Ljouwert op it mêd fan kultuer. Dy steane ûnder druk, omdat de gemeente in soad jild kwyt is oan foaral soarch en wolwêzen.

    En hoe riede gemeenten en plysje har ta op de boere-aksjes fan woansdei? Dieuwke Kroeze hat har dêr yn ferdjippe.

    12:15 - Tim Finn - Fraction Too Much Friction
    12:37 - Three-Ality - Winter Mei Dy
    12:47 - Camila Cabello - Liar

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)