No yn Fryslân fan 15 oktober 2019 12:00

    MBO-learlingen fan de Friese Poort yn Snits bakke fannewike tûzen apeltaarten fan apels dy't oars fuortsmiten wiene. Mei dy aksje litte se sjen dat we iten net fergrieme moatte.

    Boere-foaroanfrou Jitty van der Werf sjucht foarút op it lanlike boereprotest fan moarn en werom op de aksjes juster yn Grins.

    Middelbere skoallelearlingen kinne kwalik Frânsk of Dútsk prate as se fan skoalle komme. Dêrom moatte de lessen oars opset wurde, fine saakkundigen. Hoe giet it op it Stedelijk Gymnasium yn Ljouwert?

    Twa slachters yn Burgum wiene tsientallen jierren elkoars konkurrint, se sieten flak by elkoar. No nimt de iene de oare oer en komt de oare by de iene yn tsjinst. En dat fine se beide in hiele goeie saak.

    12:10 - Ace Of Base - All That She Wants
    12:18 - Coldplay - Paradise
    12:45 - Suzan & Freek - Blauwe Dag

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)