No yn Fryslân fan 14 febrewaris 2020 12:00

    De âlders fan soldaat Aldert Poortema dy't troch eigen fjoer omkaam yn Afganistan krije tolve jier nei dato skeafergoeding. Ferslachjouwer Hayo Bootsma fertelt yn No yn Fryslân wat dat betsjut foar de famylje.

    De Sint Lukasskoalle yn Drachten hat safolle lêst fan it leararetekoart dat de direkteur der oer prakkeseart de skoalle freeds struktureel ticht te dwaan.

    Yn Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert iepenet moarn de tentoanstelling GIF, mei allegear libjende, giftige bisten. Ferslachjouwer Jantine Weidenaar sjucht hjoed al even by de fûgelspinnen, de keningscobra en it gilameunster. 

    It Fryske boek Kening en Kening, oer in kroanprins dy't fereale wurdt op in jonge ynstee fan in famke, soarge tweintich jier lyn by it ferskinen foar in soad reuring, oant yn Amearika ta. Hjoed komt it opnij út yn it Frysk, omdat der in soad fraach nei is.

    Wat ha de minsken op de Freedsmerk yn Ljouwert mei Valentijnsdei? Ferslachjouwer René Koster socht it út.

    12:16 - Tears For Fears - Everybody Want's To Rule The World
    12:40 - De Kast - In Nije Dei [Live]

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)