No yn Fryslân fan 13 febrewaris 2020 12:00

    De finzenis yn Ljouwert krijt in nije ôfdieling foar swiere kriminelen. Ferslachjouwer Auke Zeldenrust fertelt yn No yn Fryslân oer de achtergrûnen. 

    Trije auto's fan stedstafersjuch yn Ljouwert binne fannacht yn flammen opgien. De plysje giet út fan brânstifting en nimt de saak heech op.

    Cambuur-ikoan Carlo de Leeuw is ferstoarn. Ferslachjouwer Arjen de Boer praat mei âld-Cambuurspiler Johan Groote oer De Leeuw.

    Ljouwert krijt nije strjitljochten, mar neffens arzjitekte Nynke-Rixt Jukema is it ljocht sa fûl dat it skealik is foar it miljeu. Se makket har soargen.

    Ferslachjouwer Wendy Kennedy mocht yn it Fries Museum yn Ljouwert de nije útstalling Other.Wordly alfêst sjen, dy't sneon offisjeel iepengiet foar publyk.

    12:14 - Ace Of Base - The Sign
    12:24 - Nielson - Ijskoud
    12:39 - Hessel Rienstra - Mear In Super As In Fretter
    12:48 - Niall Horan - Nice To Meet Ya

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)