No yn Fryslân fan 13 desimber 2019 12:00

    Trije typysk Fryske sporten krije de kommende jierren finansjele stipe fan trije grutte partijen. 

    Ultrarinner Hinke Schokker hâldt op: se is troch de Atletykuny beskuldige fan it brûken fan in ferbean middel. 

    De nije skipper fan it Langwarder skûtsje, Harmen Brouwer, krijt ek in nij skip: hy mei sile op De Jonge Jan fan Jelle Talsma.

    De Omrop Krystbeam bedarret dizkear yn Oentsjerk.

    En binne de minsken op de Freedsmerk yn Ljouwert al oan it hamsterjen, fanwege de boere-aksjes nije wike?

    12:18 - Corrs - Breathless
    12:37 - Reboelje - Marije Maria
    12:51 - Dua Lipa - Don't Start Now

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)