No yn Fryslân fan 12 maaie 2018 12:00

* It is dreech om op koarte termyn mei grutte feroaringen te kommen yn de lânbou om sa de massale stjerte ûnder ynsekten tsjin te gean. Dat seit LTO Noord yn reaksje op de needgjalp fan it Fryske Gea.

* De dielnimmers oan de kuieralvestêdetocht komme op dit stuit oer de einstreek yn Ljouwert.

* Besmetlik hynste-firus grypt om him hinne yn it suden fan de provinsje.

* In online platfoarm foar it kultureel erfgoed yn Fryslân, hat dat doel? Dêr wurdt ûndersyk nei dien. Dosint Bauke Folkertsma fan de Stichting Fryslâns Ferline skoot hjir dalik oan yn de studio om deroer te fertellen.

* En it wurdt drok yn de studio, want ek Joris Hoebe komt del. Hy fertelt oer de syktocht nei nije dokumintêremakkers.

* It grutte opromjen yn Snits is begûn, no't it drokbesochte festival At the Watergate wer foarby is.

* Wurdt der in rekôr fêstige? De earste dielnimmers oan de roei-alvestêdetocht binne sawat werom, nei't se justerjûn om acht oere fan start giene.

12:16 - Alain Clark - Love Is Everywhere
12:37 - Santana Vs Camila Cabello - Smooth Vs Havana (Mashup)
12:50 - Twarres - De Juste Snaar
Tiete Sijens

No yn Fryslân

Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
Presintaasje: 
Tiete Sijens
(advertinsje)