No yn Fryslân fan 12 jannewaris 2018 12:00

De inisjatyfnimmers foar in swimbad yn Wierum binne lulk: de plannen binne bekend en fierhinne klear en ynienen komt der ferset In Fries út Hylpen bynt de striid oan mei de Frânsen, oer miljeufreonlik fiskjen. Want dêr wolle Frânske fiskers neat fan witte Wat binne de kânsen fan de Fryske shorttrackers by it Europeesk kampioenskip yn Dresden? De ierde trille wer fan 'e wike yn Grinslân, trochdat dêr gas wûn wurdt dat wy hast allegearre brûke. Hoe moat it no fierder? Dat hâldt de minsken op de freedsmerk yn Ljouwert ek dwaande..
12:10 - Ed Sheeran & Beyonce - Perfect Duet
12:23 - Adele - Water Under The Bridge
12:38 - Piter Wilkens - Liwwadder Blues
12:46 - Arthur Baker - Love Is The Message
Tiete Sijens

No yn Fryslân

Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken dy’t Fryslân reitsje yn ‘De hite hei’ en it ‘Media-oersjoch’.
Presintaasje: 
Tiete Sijens
(advertinsje)