No yn Fryslân fan 12 desimber 2019 12:00

    Der sitte twa rjochtsaken oan te kommen yn de stikstofkrisis: It Centraal Bureau Levensmiddelen wol mei in rjochtsaak eventuale boere-aksjes by distribúsjesintra ferbiede. En twa boere-organisaasjes ha in koart pleit oanspand tsjin de steat om de sifers oer stikstofútstjit te krijen. Ferslachjouwer Gerrit de Boer praat ús by.

    De stikstofkrisis kin allinne oplost wurde as alle partijen dy't der mei te krijen ha, erkenne dat it in probleem is. En as se dêroer mei elkoar om de tafel geane. Dat seit direkteur Henk de Vries fan it Fryske Gea, Ferskate natuerorganisaasjes ha in petear oer de stikstofproblematyk hân mei premier Rutte en lânbouminister Schouten.

    Wat fynt Europarlementariër Jan Huitema fan Makkingea fan de Green Deal fan Eurokommissaris Frans Timmermans?

    En akkordeoniste Trijntje Hoekstra - de Heij fan It Hearrenfean krijt de Omrop Fryslân krystbeam, omdat se al 23 jier in shantykoor begeliedt. En as Geert van Tuinen freget oft se spylje wol, dan docht se dat fansels!

    12:17 - Dexy's Midnight Runners - Come On Eileen
    12:40 - Vocal Roses - In Echte Frou Drinkt Bier
    12:50 - Jonas Brothers - Like It's Christmas

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)