No yn Fryslân fan 10 jannewaris 2020 12:00

    De Starumer dy't juster foar oerenlange oerlêst soarge op it stasjon fan Ljouwert omdat er in jerrycan mei besine achterlitten hie yn in trein, is dat net oan te rekkenjen. De man is net hielendal yn oarder, sizze de plysje en syn famylje.

    Learlingen en dosinten fan praktykskoalle De Brêge yn Ljouwert dûke it kâlde wetter fan De Grutte Wielen yn foar in benefytaksje: se sammelje jild yn foar it grutte pleechgesin út Sint Jabik dat ferline jier troch in grutte brân dakleas rekke is.

    En hoe liket it mei it opknappen fan de Doniahal yn Sint Nyk, dêr't ein novimber brân wie? De sporthal is noch altiten net wer yn gebrûk.

    Minsken op de Freedsmerk yn Ljouwert bûgje har oer de problematyk fan de prosituees op de Weaze. Soe it net better wêze om de hiele saak dêr te sluten?

    12:15 - Culture Club - Karma Chameleon
    12:38 - Equal Souls - Lit My Frij [Album Fersy]
    12:51 - Dan + Shay & Justin Bieber - 10,000 Hours

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)