No yn Fryslân fan 10 febrewaris 2020 12:00

    Antidiskriminaasjeburo Tumba yn Ljouwert krijt tsientallen meldingen fan minsken dy't har steure oan in karnavalsliet dat in link leit tusken it coronavirus en de Sjineeske mienskip yn Nederlân. 

    Ferslachjouwer Hayo Bootsma reiziget troch de provinsje op syk nei stoarmskea, waarman Piet Paulusma warskôget foar in nije stoarm, moarn.

    Bern út groep acht fan basisskoalle 't Partoer yn Burgum krije hjoed les op skoallemienskip Singelland. Dat ferminderet de wurkdruk fan har eigen learkrêften, is de gedachte derachter.

    Shorttracker Sjinkie Knegt makket dit wykein syn rentree, by de wrâldbekerwedstryd yn Dordrecht. Ferslachjouwer Roelof de Vries sjucht foarút.

    In tentoanstelling yn Ermelo fertelt it ferhaal fan de twa joadske bern Eva en Bram, dy't ûnderdûkt sitten ha yn Ljouwert, mar de oarloch net oerlibben.

    12:14 - Roy Orbison - You Got It
    12:39 - Gurbe Douwstra - Kilo's Kwyt

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)