NNO konsert fan 8 april 2021 20:00

NNO Konsert - Romantyske Lieten

In fleuchje Romantyk... dat biede it Noord Nederlands Orkest en Omrop Fryslân op 8 april mei in konsert dat live te folgjen is. It NNO spilet ûnder lieding fan Hartmut Haenchen, en mei sopraan Annemarie Kremer, wurken fan Wolf, Strauss en Tsjaikovski. It konsertis fan 20.00 oere ôf live te folgjen op telefyzje en online.

In soad lietsjeskriuwers fan hjoed-de-dei hawwe har foarrinners yn de Romantyk. Yn dy tiid toanden komponisten har emoasjes, har opiny op 'e wrâld, har nasjonale grutskens. En hoe kinst moaier kleur bekenne as yn in liet?

Romantyske lieten fan Wolf, Strauss en Tsjaikovski
Hugo Wolf wie makker fan in protte djip trochfielde, faak tsjuster kleure lieten. Hy skreau se foar liet en piano, mar yn 'e orkestferzje meitsje se op syn minst sa folle yndruk. Dat jildt ek foar de lieten fan Richard Strauss, in master fan 'e melody én mei bûnte orkestkleuren. De Sechsde Symfony fan Tsjaikovski slút dêr prachtich by oan. It is muzyk fan heftige emoasjes, dêr komt ek de bynamme 'Pathétique' wei. It feit dat Tsjaikovski fuort nei it ôfmeitsjen ferstoar makket it stik noch dramatysker, en wie ek oanlieding ta wiere komplotteorieën.

Dirigint Hartmut Haenchen
'Alde rôt' Hartmut Haenchen liedt it orkest. Syn útfierings fan opera's en orkestlieten binne altyd in sensaasje. Net foar neat rôp it blêd Opernwelt him yn 2017 út ta 'dirigint fan it jier'.

De list mei wurken dy't spile wurde is te finen op: nno.nu/concert/romantische-liederen

NNO konsert

Yn gearwurking mei it Noord Nederlands Orkest binne der geregeld konserten te sjen by Omrop Fryslân
(Advertinsje)