NNO konsert fan 5 maart 2021 21:00

Solist Albrecht Mayer spilet as earste hoboïst by de Berliner Philharmoniker. Hy spilet it Hobokonsert fan Ralph Vaughan Williams. Dêrnjonken sil yn dit NNO-konsert Dvoráks Achtste symfony klinke mei syn mearke-eftige sfear.

As earste is wurk te hearren fan de Noor Arne Nordheim. Dy komponist utere him yn hast alle stilen en kaam faak werom by de tema's iensumens, dea en leafde. Yn dit NNO-konsert is syn 'Nachruf' te hearren. Orkest en solist wurde laat troch dirigint Eivind Gullberg Jensen. 

NNO konsert

Yn gearwurking mei it Noord Nederlands Orkest binne der geregeld konserten te sjen by Omrop Fryslân
(Advertinsje)