NNO konsert fan 3 juny 2021 20:15

Tongersdei 3 juny NNO konsert:

Yn in soad Noardlike skoallen geane de klassen 6, 7 en 8 oere om 12:30 oere it konsert mei-inoar besjen. Hosts Freek en Eric nimme de learlingen en besikers fan de side mei yn in twirjende muzikale ûnderfining. Yn dizze spesjale konsertedysje fan 'Spring yn it Orkest' komme de learlingen yn 45 minuten yn 'e kunde mei it NNO en har musisy. Fuotsjes fan 'e flier, drummen op 'e bûk , it stampen op de beat: it mei allegearre, graach sels!

Opdrachten

Freek en Eric jouwe yn de livestream alderlei aardige opdrachten dy 't de learlingen sels yn de klasse of thús dwaan kinne. Troch middel fan de Young Person's Guide to the Orchestra fan Benjamin Britten, geane sy alle ynstrumintgroepen by lâns. Sy litte sjen hoe 't de ynstruminten wurkje, fertelle grappige anekdoaten en litte fansels de moaiste muzyk hearre.

It konsert wie fan 'e middei fan 12.30 oere ôf live te folgjen fia in live stream. Foar elkenien dy 't it mist hat, of it leafst thús noch weromsjen wol, mei de âlden, bruorkes en suskes, is it hiele konsert fan 'e jûn nochris te sjen by Omrop Fryslân Telefyzje en
wol om 20.15 oere.

NNO konsert

Yn gearwurking mei it Noord Nederlands Orkest binne der geregeld konserten te sjen by Omrop Fryslân
(Advertinsje)