NNO konsert fan 22 april 2021 20:00

Twa masterwurken fan Mozart en Sibelius steane sintraal by dit konsert fan it Noord Nederlands Orkest. De Fryske topfioeliste Simone Lamsma solearret yn Mozarts Konsert foar fioele en orkest no. 4. Dêrnei liedt de Portugeeske dirigint Nuno Coelho de Fiifde Symfony fan Sibelius.

Mozart & Sibelius
Mozart skreau syn fiif fioelekonserten al op njoggentjinjierrige leeftiid. Fioelekonsert nr. 4 hat in bjusterbaarlike solopartij; krekt wat foar Simone Lamsma. De Fiifde fan Sibelius is amper te fergelykjen mei oare symfonyen; muzyk fan in grutske Fin dy't it leafst yn de ôfsûndering fan syn lânhûs komponearre. Dizze symfony is in lofsang op it libben - Sibelius wie krekt wer better nei in slimme sykte - én in earbetoan oan de Finse natuer.

Sjoch foar mear ynformaasje oer it konsert, fioeliste en dirigint op de webside fan it NNO

NNO konsert

Yn gearwurking mei it Noord Nederlands Orkest binne der geregeld konserten te sjen by Omrop Fryslân
(Advertinsje)