NNO konsert fan 17 desimber 2020 20:00

It Noord Nederlands Orkest spilet yn it Krystkonsert in pear typyske Ingelske 'Christmas carols' en tradisjonele Dútse krystlieten en ek muzyk fan Georg Friedrich Händel.

It NNO Krystkonsert wurdt laat troch Risto Joost, mei sopraan Louise Kemény, mezzosopraan Barbara Kozelj en presintatrise Nynke Heeg. Hichtepunt fan it konsert is Händels Music for the Royal Fireworks, oarspronklik skreaun foar de lûdroftige besetting fan in militêr orkest foar in foarstlik feest, en ek tige geskikt om it âlde jier út te knallen.

Sjoch foar mear ynformaasje op: nno.nu/concert/kerstconcert.

NNO konsert

Yn gearwurking mei it Noord Nederlands Orkest binne der geregeld konserten te sjen by Omrop Fryslân
(Advertinsje)