NNO konsert fan 1 april 2021 21:00

By dit Peaskekonsert mei it wurk fan Pergolesi en Haydn liedt dirigint Jos van Veldhoven it NNO en solisten Myriam Arbouz en Jonathan Mayenschein. Yn it konsert binne Pergolesi´s 'Stabat Mater' en Haydns 'La Passione' te hearren. Yn 'Stabat Mater' wurdt it ûnderwerp, Mem Maria dy't har krusige soan beskriemt, meislepend ferklanke. Yn Pergolesi´s tiid fûnen minsken it sels tefolle op opera lykjen. Ek Haydns 49e Symfonie 'La Passione' hat wat fan teätermuzyk. It is ien fan syn meast dramatyske symfonyen , mar lykas altyd by Haydn komt hieltyd wer it ljocht troch.

Dirigint Jos van Veldhoven
Jos van Veldhoven wie fan 1983 oant 2018 dirigint en artistyk lieder fan de Nederlandse Bachvereniging. Hy liede ûnder oare ferskate eigentiidske premjêren fan barokopera's en dirigearre yn 2014 de wrâldpremjêre fan Tsoupaki's 'Oidípous' by it Holland Festival.

Sopraan Myriam Arbouz
Myriam Arbouz debutearre yn 2015 oan De Nationale Opera yn 'Trauernacht'. Sy trede ûnder oaren op mei it Ensemble Schönbrunn, it Luthers Bach Ensemble en ensembles lykas Pygmalion, Le Concert d'Astrée, Cappella Amsterdam, Le Banquet Céleste en de Nederlandse Bachvereniging.

Alto Jonathan Mayenschein
Jonathan Mayenschein song as jonkje yn ferskate jeugdkoaren. Doe't er alve wie, waard er lid fan it Windsbacher Knabenchor wêrmei't er oan sawat fjouwerhûndert konserten yn Europa, de Feriene Steaten en Sina meidie. By it Ensembles Sonat Vox beset er de posysje fan de earste countertenor.

Mear ynformaasje oer it konsert, de dirigint en de solisten is te finen op: nno.nu/concert/paasconcert

NNO konsert

Yn gearwurking mei it Noord Nederlands Orkest binne der geregeld konserten te sjen by Omrop Fryslân
(Advertinsje)