NK fierljeppen fan 18 septimber 2021 13:30

It NK fierljeppen yn Burgum is dit jier in bysûnder NK. Want it is de 50ste edysje fan dizze nasjonale titelstriid. En foar de twadde kear op rige dat it NK Fierljeppen op itselde plak (Burgum) hâlden wurdt. Dat komt omdat Burgum it NK ferline jier yn coronatiid organisearje woe sûnder publyk.

De arbiter by dit NK is Aart de With, de 13-fâldich winner by de senioaren. Yn 1972 waard hy al Nederlânsk kampioen by de jonges. Aart de With is oant de dei fan hjoed rekôrhâlder mei de aluminium polsstok mei in sprong fan 19.42 meter.

Omrop Fryslân stjoert it NK live út op telefyzje en radio fan 13.30 oere ôf.

Presintaasje is fan Gerrit de Boer it kommentaar komt fan Freark Wijma en analist
Hendrik Murk Haanstra.

NK fierljeppen

Streekrjocht ferslach fan it 50ste NK fierljeppen yn Burgum.
(Advertinsje)