Ninah Tiemersma makket teäter oer PTSS

Ninah Tiemersma is in jonge dosinte Gryksk en Latyn yn Ljouwert. Se makke in teäterstik oer har libben en PTSS, post traumatisch stresssyndroom. As jong famke libbe Ninah mei in ferslaafde heit dy't har fysyk en mentaal mishannele. Doe't har mem en sy úteinlik by him weigiene, bleau hy harren stalken. Ninah wie al jong traumatisearre en der waard troch de psycholooch PTSS konstatearre. Yn it stik 'Niet meer alleen' siket se de ferbining fan har libben en trauma's mei dy fan froulju yn de Grykske trageedzjes. Se makke in skripsje oer it ûnderwerp en ûntduts by it lêzen fan de ferhalen dat ek de froulju lykas Andromache en Creüsa dy't se foar har skripsje ûndersocht traumatisearre wiene. It joech har stipe yn it ferwurkjen en se besleat in teäterstik te meitsjen oer de trageedzjes en har eigen libben.

Buro de Vries (Podcast)

In bysûnder ferhaal, in moai petear of in goeie syktocht. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.
(advertinsje)