Nije sjongbondel 'Hertslach' foar 80-jierrige Hindrik van der Meer

170 'lieten om út te sjongen', sa wurdt de nije Fryske sjongbondel 'Hertslach' omskreun. It giet om nije lieten dy't goed te brûken binne yn tsjerken njonken de bekende psalmen en gesangen. Der binne benamme lieten fan Hindrik van der Meer en Eppie Dam yn de bondel te finen, mar it ferskaat is grutter. It inisjatyf ta de bondel is naam troch it Kwartettekoar, dêr't Hindrik van der Meer al tolve jier as dirigint foar stiet. It kin sjoen wurde as in kado oan de dirigint, dy't dit hiele jier noch mei it koar in ôfskiedstoernee troch de provinsje makket. Dêrnei wol Van der Meer in punt sette efter de aktiviteiten foar it koar. It Buro liet him troch Van der Meer byprate oer de bondel, it koar, syn muzikale neilittenskip en de takomstplannen.

Buro de Vries (Podcast)

In bysûnder ferhaal, in moai petear of in goeie syktocht. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.
(advertinsje)