Need op Freed fan 8 maart 2013

Op ynternasjonale frouljusdei hat Roelof trije froulju oan tafel dy't har 'mantsje' steane. Arda de Boer fiert aksje tsjin de sluting fan it fabryk dêr't har man al 37 jier wurket, Prins Dokkum. Deputearre Jannewietske de Vries hellet 300 miljoen euro fan de bank, om te ynvestearen yn de Fryske ekonomy en wurkgelegenheid. En dat wylst de technyske sektor sit te springen om personiel. Twadde Keamerlid Anne-Wil Lucas fynt dêrom dat bern al op sa jong mooglike leeftiid waarm makke wurde moatte foar de technyk.

In foarbyld dêrfan binne Jelmer Kooistra en Laurens Posthuma, twadde klassers fan it technasium fan CSG Liudger yn Drachten. Sy betochten in systeem wêrmei't in akwarium himsels skjinmakket, en dêrmei ek noch wetter besparret.

Fansels is der ek wer in mystery guest...soe dat op frouljusdei ek in frou wêze?

Share this page on:
Need op freed

Need op freed

Wês wolkom by de talkshow op Omrop Fryslân: NEED OP FREED. En Need kin it gean, want ús jonge presintator Roelof Lousma hat der sin oan. De talkshow fan Fryslân mei Roelof Lousma. Mei in protte oandacht foar de aktualiteit fan de wike en it kommende wykein. Mar dit jier ek mei in mystery-guest!
(advertinsje)