Need op freed fan 30 maart 2012

Wat is de stân fan saken fan ús lân nei it Catshuisoerlis ? Dy fraach lizze wy foar oan Erica Verdegaal, ekonoom en kolumniste by NRC Handelsblad. Neist it ekonomyske nijs fan de ôfrûne dagen, sjocht presintator Roelof Lousma ek foarút mei har. Bygelyks wat wy mei ús fakânsjejild dwaan kinne.

Jûn (freed 30 maart) wurdt yn Dokkum jild ynsammele foar de minsken fan Revalidatie Fryslân yn Beetstersweach. Twa eks-pasjinten, Sytse van der Werf en Mariëlle Brouwer-Edes, ha 15.000 euro nedich om in byld meitsje te litten, spesjaal foar de meiwurkers fan Revalidatie Fryslân. Mei dat byld wolle se sjen litte hoe bliid se binne mei de begelieding. It keunstwurk moat yn de tún fan it revalidaasjesintrum komme te stean.

En kollega Andries Bakker skoot noch efkes oan. Hy sil, tegearre mei Lutz Jacobi jûn (freed 30 maart) yn de Bidler yn Wergea in temajûn organisearje, yn it teken fan de sport. Ien fan Bakkers grutste passys. Yn Need in foarpriuwke fan 'Petje op-Petje af' Fryske styl.

Diel dit berjocht op:
Need op freed

Need op freed

Wês wolkom by de talkshow op Omrop Fryslân: NEED OP FREED. En Need kin it gean, want ús jonge presintator Roelof Lousma hat der sin oan. De talkshow fan Fryslân mei Roelof Lousma. Mei in protte oandacht foar de aktualiteit fan de wike en it kommende wykein. Mar dit jier ek mei in mystery-guest!
(advertinsje)