Need op Freed fan 29 maart 2013

Fan 'e middei falle foar de lêste kear de Ljouwerter krante en it Fries deiblêd by de abonnees op de doarmatte. De kranten ferskine fan tiisdei ôf as moarnskrante. Foaral om't dit goedkeaper is, mar ek út sjoernalistieke oerwagings. Betsjut dit foar de lêzers dat se tenei in oare krante krije ? Hokker ynfloed hat it tiidstip fan ferskinen op de ynhâld fan de krante? Hoe soe de berjochtjouwing oer de saak Vaatstra fan de ôfrûne dagen west ha, as de krante moarns útkommen wie?
Dat beprate wy mei de beide haadredakteuren, Hans Snijder fan de LC en Lútsen Kooistra fan it FD. En hoe is it no foar de krantebesoargers dy't fan no ôf sa betiid út harren bêd komme moatte.

Dat en folle mear, jûn yn Need op Freed.

Share this page on:
Need op freed

Need op freed

Wês wolkom by de talkshow op Omrop Fryslân: NEED OP FREED. En Need kin it gean, want ús jonge presintator Roelof Lousma hat der sin oan. De talkshow fan Fryslân mei Roelof Lousma. Mei in protte oandacht foar de aktualiteit fan de wike en it kommende wykein. Mar dit jier ek mei in mystery-guest!
(advertinsje)