Need op freed fan 27 april 2012

    Yn de lêste Need op freed fan dit seizoen sille alle remmen los.
    Yngrediïnten; Rock & Roll, messesmiter Kitty Hagen en de 12 kandidaten foar de titel Miss Fryslân.
    Sjonger Danny Panadero sil prate oer syn 10-jierrich jubileum en sil syn lêste hit yn it Frysk bringe.
    Ek te gast Reitse Spanninga mei in bysûnder keninklik hapke en hoe is it him fergien de ôfrûne fiif jier as tillevyzjekok.
    De 1-minút is foar de organisaasje fan it Rock and Roll wykein yn Frjentsjer op 12 maaie. The Lucky Daltons sette de oprop noch ekstra muzikaal krêft by.

    Need op freed

    Need op freed

    Wês wolkom by de talkshow op Omrop Fryslân: NEED OP FREED. En Need kin it gean, want ús jonge presintator Roelof Lousma hat der sin oan. De talkshow fan Fryslân mei Roelof Lousma. Mei in protte oandacht foar de aktualiteit fan de wike en it kommende wykein. Mar dit jier ek mei in mystery-guest!
    (advertinsje)