Need op Freed fan 23 maart 2012

Trije bysûndere gasten yn Need op Freed. Steatssiktaris Joop Atsma reagearret op it skilderij dat Yby Potlatch makke oer syn beliedsplan om it staasjejild ôf te skaffen en fertelt oer syn wurk yn it sintrum fan de macht. Hjoed sil bekend wurde wa't it heechste bod dien hat op it skilderij. De opbringst giet nei de Fryske Miljeu Federaasje.

Hjoed is de lêste ôflevering fan Moordvrouw. Fryslân Marketing stuts der in best jildbedrach yn en direkteur Paul van Gessel fertelt oft de searje oan syn ferwachtings foldien hat. Gert Vijver is sânkeunstner en wurket mei oan it RKK-programma "Pasen met de zandtovernaar". Hy sil yn de studio sjen litte hoe 't hy prachtige tekeningen makket mei sân en ljocht. Yn "de minút" Jacobien Rozema. Der wurdt troch De BVR kommisje fan de PKN-tsjerke fan Snits op freed 30 en sneon 31 maart in grutte bazar, feiling en rommelmerk hâlden. De opbringst is foar ferskate goeie doelen.

Diel dit berjocht op:
Need op freed

Need op freed

Wês wolkom by de talkshow op Omrop Fryslân: NEED OP FREED. En Need kin it gean, want ús jonge presintator Roelof Lousma hat der sin oan. De talkshow fan Fryslân mei Roelof Lousma. Mei in protte oandacht foar de aktualiteit fan de wike en it kommende wykein. Mar dit jier ek mei in mystery-guest!
(advertinsje)