Need op Freed fan 23 desimber 2011

Dochs noch krystmiel foar bewenners Swettehiem
Need op Freed skeakelet it bedriuwslibben yn foar krystmiel op 23 desimber

De bewenners fan ferpleech- en fersoargingshûs Swettehiem yn Ljouwert kinne, tanksij de redaksje fan it Omrop Fryslân televyzjeprogramma Need op Freed, dochs noch genietsje fan in krystmiel op freed 23 desimber. De direksje fan Swettehiem hie it krystmiel ferbean, omdat de nije flierbedekking net smoarch wurde mocht. Dat berjocht stie ferline wike yn de Leeuwarder Courant. Bert van der Lecq, fysioterapeut yn it gebou, befêstige it ferhaal. It berjocht sloech by de redaksje fan Need op Freed yn as in bom en sy hawwe in aksje op tou setten om de bewenners in moaie kryst te besoargjen.

Need op Freed skeakele it bedriuwslibben yn en de aksje is in grut sukses. Sadwaande sil yn de bewennersromte yn Swettehiem op freed 23 desimber fan 17:15 oere ôf dochs noch in krystmiel holden wurde. De folgjende bedriuwen dogge mei oan de aksje: Ut Ljouwert: Bakkerij Schuurmans, Bakkerij Tromp, Topbakker Dijkstra, de Kaasshop, Slagerij De Bras, grienteboer Theo de Wal, Café de Walrus en Partyservice Onder de Luifel. Ut Frjentsjer: Bakkerij Van der Kloet en skjinmakkersbedriuw Buwalda Multiservice. Ut Burgum: Echte Bakker Gert-Jan.

It resultaat fan de aksje is live te sjen yn Need op Freed. Presintator Roelof Lousma hâldt yn de útstjoering kontakt mei Dieuwke Kroese, dy’t ferslach docht fan it krystmiel yn Swettehiem. Fierders sjocht Roelof Lousma yn dizze edysje fan it programma werom op it ôfrûne jier mei trije gasten: Klaas Jansma, Nynke de Jong en Remon de Jong.

Diel dit berjocht op:
Need op freed

Need op freed

Wês wolkom by de talkshow op Omrop Fryslân: NEED OP FREED. En Need kin it gean, want ús jonge presintator Roelof Lousma hat der sin oan. De talkshow fan Fryslân mei Roelof Lousma. Mei in protte oandacht foar de aktualiteit fan de wike en it kommende wykein. Mar dit jier ek mei in mystery-guest!
(advertinsje)