Need op Freed fan 18 novimber 2011

Wer trije bysûndere gasten yn Need op Freed.
Johan Noorloos komt fan oarsprong fan Harns en jout dêr sneon in lêzing fan 3 oeren. Hy begeliedt minsken nei in weardefoller libben en fertelt dêroer. Op de IDFA giet de dokumentêre oer Jan ten Boom fan 'e Jouwer yn premjêre. Ten Boom is in suksesfol manager fan Nederlânske bands. Begraffenisûndernimmer Johanna van der Zee ûntwikkele de Cambuur begraffenis. It levere in soad oandacht op en sy fertelt oer begraven mei respekt.

En Ljouwert as Kulturele haadstêd fan Europa. It soe dochs Fryslân wurde?
Dieuwke Kroese sit fol fragen. De antwurden komme yn Need op Freed.

en...wat ite jo by de Beaujolais primeur?

Share this page on:
Need op freed

Need op freed

Wês wolkom by de talkshow op Omrop Fryslân: NEED OP FREED. En Need kin it gean, want ús jonge presintator Roelof Lousma hat der sin oan. De talkshow fan Fryslân mei Roelof Lousma. Mei in protte oandacht foar de aktualiteit fan de wike en it kommende wykein. Mar dit jier ek mei in mystery-guest!
(advertinsje)