Need op Freed fan 16 maart 2012

Hessel van der Kooij sit 40 jier yn it muzikantefak. Oanlieding foar in weromblik op syn karriêre. Hy is te gast yn Need op Freed, tegearre mei syn dochter Tess, dy't krekt as har heit ek sjongt. Yn de útstjoering ek in foarpriuwke fan de twadielige dokumintêre dy't Dieuwke Kroese oer it twatal makke en natuerlik pakke se de gitaar.

Wa't by 'osmosesintrale ' en 'blue energy' tinkt saai, moat seker sjen!!! Master of Science komt fol passy uitlizzen wat foar sintrale der op de Ofslútdyk komt. Mei demonstraasje.

En legoboatbouwer Nykle Dijkstra is yn de studio...mei lego..en wat ea de boat west hat.

Diel dit berjocht op:
Need op freed

Need op freed

Wês wolkom by de talkshow op Omrop Fryslân: NEED OP FREED. En Need kin it gean, want ús jonge presintator Roelof Lousma hat der sin oan. De talkshow fan Fryslân mei Roelof Lousma. Mei in protte oandacht foar de aktualiteit fan de wike en it kommende wykein. Mar dit jier ek mei in mystery-guest!
(advertinsje)