Need op Freed fan 15 maart 2013

Romke Kooyenga bringt in nije auto op ‘e merke. In ferlingde Audi, spesjaal ynrjochte foar direkteuren en VIP’s. Is dit it nije boartersguod fan de rykste man fan Fryslân? Hy is der yn elk gefal tige bliid mei en toant yn Need of Freed de bysûnderheden. Miskien is it ek syn manier om de krisis de holle te bieden.

Dizze wike waard bekend makke dat de Kooyenga groep yn de reade sifers dûkt is. Mar it bouwe litten fan dizze auto hat ek in oare eftergrûn. Ek dêroer praat Roelof Lousma mei Romke Kooyenga.

Der komt wer in mystery guest del, om him/har bleat te jaan by it spultsje “Roelof Roelet”.

En de organisaasje fan Oerrock promoat harren play-offs fan dit wykein.

Diel dit berjocht op:
Need op freed

Need op freed

Wês wolkom by de talkshow op Omrop Fryslân: NEED OP FREED. En Need kin it gean, want ús jonge presintator Roelof Lousma hat der sin oan. De talkshow fan Fryslân mei Roelof Lousma. Mei in protte oandacht foar de aktualiteit fan de wike en it kommende wykein. Mar dit jier ek mei in mystery-guest!
(advertinsje)