Need op Freed fan 11 jannewaris 2013

It begjin fan it nije jier is it momint om foarút te sjen. Dêrom giet Need op Freed hjoed ''Back to the future''; werom nei de takomst. Roelof Lousma praat mei Adjiedj Bakas, hy is trendwatcher en wurdt sjoen as ien fan de meast ynfloedrike minsken fan Nederlân. Neffens Bakas sil de rol fan it plattelân drastysk feroarje, fynt lânbou dan plak yn stêden en dan yn fertikale buorkerijen. En iten wurdt net allinnich mar ferboud, it wurdt ek printe mei yn 3D-printer.
Dy 3D-printers binne yn opmars, se binne tsjintwurdich ek te keap foar konsuminten, dy't der bygelyks lytse plestik foarwerpen fan meitsje. Yn de studio litte we sjen hoe't dat wurket.
Fansels sit der yn it nije jier ek wer in mystery guest by Roelof op de bank, dy't ûnder fjoer nommen wurdt yn Roelofs Roelet.

Diel dit berjocht op:
Need op freed

Need op freed

Wês wolkom by de talkshow op Omrop Fryslân: NEED OP FREED. En Need kin it gean, want ús jonge presintator Roelof Lousma hat der sin oan. De talkshow fan Fryslân mei Roelof Lousma. Mei in protte oandacht foar de aktualiteit fan de wike en it kommende wykein. Mar dit jier ek mei in mystery-guest!
(advertinsje)