Myn skip fan 20 july 2019 17:01

It is ein septimber en it is tsjuster op it Earnewâldster Wiid. Ynienen klinke koperklanken oer it wetter. Der komt in skûtsje oansilen. It wurdt besongen troch in moai liet. Grutsk ropt de skipper: Myn skip! Mar dêr is it ploffende lûd fan de opdrukker al te hearren en de rook fan de diselmotor is te rûken: in nije tiid tsjinnet him oan. Yn it iepenloftspul 'Myn Skip' wurdt it skûtsje 'Myn Skip' folge troch trije tiidsperioaden hinne. Hûndert jier skûtsjehistoarje yn muzyk, yn byld, dûns, teäter en ferhaal wurdt fertaald nei it stik.

Myn Skip

Hûndert jier skûtsjehistoarje yn muzyk, yn byld, dûns, teäter en ferhaal wurdt fertaald nei in muzikaal teäterstik.
(advertinsje)