Muzyk yn Bedriuw fan 9 novimber 2015 09:00

Dizze wike organisearret foljêreferiening De Woudzangers út Droegeham wer har jierlikse ûnderline fûgeltentoanstelling. Fan 9 oant en mei 14 novimber binne de moaiste fûgels te sjen. En oanslutend is der in feestjûn op sneon 21 novimber. Om de tentoanstelling hjoed fleurich te iepenjen, hat de organisaasje de muzyklist fan Muzyk yn Bedriuw gearstald. Sipke Brouwer sil ús der alles oer fertelle.

It is hjoed de Dei fan de útfiner. En wy ha in hiel bysûndere útfiner yn de studio. Roger Mulumba-Yema út Drachten is te gast om te fertellen oer syn eigen wiskundemetoade. Al in oantal jierren is Roger dwaande om in eigen metoade te betinken om wiskunde makliker út te lizzen oan jongeren. Dêrfoar hat er in grutte rekkentabel makke, mei dêryn blokken mei sifers. In telraam, mar dan fan wol in meter heech. Hy sil syn metoade útlizze oan Wim Brons.

Dirk Reitsma wie ien fan de kandidaten dy't meidie oan ús itensiderprogramma Tafel18. Mei syn ferrassende streekgerjochten út It Bilt wie hy miskien wol ien fan de kleurrykste kandidaten. Mar Dirk fleach der ôfrûne sneon út koene wy sjen yn de fjirde ôflevering. Skande, mar gelokkich bleau hy der sels nuchter ûnder. Hoe giet it no mei him?

Sipke Brouwer fan foljêreferiening De Woudzangers

Utfiner Roger Mulumba-Yema út Drachten oer syn eigen wiskundemetoade

Dirk Reitsma, kandidaat Tafel 18 dy't net yn de finale sit

09:06 - Boney M - Daddy Cool
09:09 - Drukwerk - Je Loog Tegen Mij
09:14 - Cliff Richard - The Young Ones
09:17 - Tol Hansse - Big City
09:21 - Elvis Presley - Good Luck Charm
09:23 - Carpenters - Jambalaya
09:27 - Rommy - As De Ljip Yn 't Lan Is
09:34 - Drs. P - Dodenrit
09:39 - Doede Veeman - De Begraffenis Fan Omke Wopke
09:48 - Electronica's - De Vogeltjesdans
09:51 - Gurbe Douwstra - Lit Jim Gean, Friezen
10:06 - Irene Cara - Fame
10:12 - Rembrandts - I'll Be There For You
10:19 - Shawn Mendes - Stitches
10:23 - Katie Melua - The Closest Thing To Crazy
10:27 - Roy Orbison - Oh Pretty Woman
10:33 - Reboelje - It Fromme Folk
10:36 - Diggy Dex (Ft. Jw Roy) - Treur Niet (Ode Aan Het Leven)
10:45 - Abba - I Have A Dream
10:50 - Rick Nelson - Hello Mary Lou
10:58 - Anita Meyer - Why Tell Me Why
11:08 - Beatles - A Hard Days Night
11:10 - Charlie Puth (Ft. Meghan Trainor) - Marvin Gaye
11:14 - F.R. David - Words
11:21 - Agnes Sambrink - Loosen The Reins
11:25 - Griet Wiersma - Frysk Hynder
11:33 - Marco Borsato - Ik Leef Niet Meer Voor Jou
11:37 - London Grammar - Strong
11:44 - Kinks - Lola (Live)
11:49 - Diff - Jealousy
11:54 - Salt 'n' Peppa - Let's Talk About Sex

Share this page on:
Arjen Overmaat

Muzyk yn Bedriuw

Njonken in hiel soad muzyk fan de list fan it bedriuw fan de dei, hearst hjir wêr't oer praat wurdt by de kofje-automaat. Gjin swiere saken, wol nijsgjirrige ûnderwerpen.
Presintaasje: 
Arjen Overmaat
(advertinsje)