Muzyk yn Bedriuw fan 7 septimber 2015 09:00

De muzyklist is hjoed gearstald troch de WMO advysried fan Littenseradiel. Dizze ried helpt minsken yn de gemeente dy't soarch nedich hawwe of al krije. Dit jier is der in soad feroare troch de ynfier fan de WMO en WLZ. De ried wol alle minsken dy't hjir mei te krijen hawwe in hert ûnder de riem stekke. Antje Rameau sil ús fertelle wat de WMO advysried krekt foar harren betsjutte kin.

Kinst de radio of telefyzje net mear oansette as der is wol nijs oer de minsken dy't massaal nei Europa ta flechtsje. Yn Italië en Grikelân komme elke dei hûnderten flechtlingen oan op syk nei in feilich plak. En dat soarget foar de nedige problemen mei de opfang en registraasje fan al dizze minsken. Frijwilligers fan stichting Bootvluchteling sette har al wiken yn om dizze minsken te helpen. Ek Anke-Marije Piebenga út Akkrum en Marianne Hoekstra út Nes sille 18 septimber nei it Grykske eilân Lesbos om dêr te helpen. Sy komme nei de studio om te fertellen oer wat se dêr dwaan sille.

Ofrûne sneon waard yn Wynjewâld de 12e edysje fan strjittefestival 'Willedei' organisearre. It programma stie fol mei muzyk, dûns, teater, berne-aktiviteiten, de bradery en fansels folop wille yn it sintrum fan Wynjewâld. Hoe is it gong? Ha se bot lêst hân fan it reinige waar? Wy freegje it oan Grietje Rooks fan de organisaasje.

Anke-Marije Piebenga wie te gast by Muzyk yn Bedriuw

Antje Rameau fan de WMO advysried

Grietje Rooks fan de Willedei yn Wynjewâld

09:06 - Joe Cocker - Unchain My Heart
09:11 - Anneke Douma - De Woanark
09:16 - Rolling Stones - You Can't Always Get What You Want
09:23 - Piter Wilkens - Dunsje Mei Dy
09:27 - Van Geeft 'm - Ik Wol Dy Om My Hinne
09:34 - Golden Earring - Twilight Zone
09:39 - Brainbox - Summertime
09:43 - Fryske Famkes - Yn 'e Lijte By De Sedyk
09:52 - Rommy - As De Ljip Yn 't Lan Is
10:05 - Robbie Williams - Sin Sin Sin
10:10 - R. City (Ft. Adam Levine) - Locked Away
10:18 - Wet Wet Wet - Angel Eyes
10:23 - Marcel Smit - Omstekeard (Album Fersy)
10:26 - Mark Knopfler - Privateering
10:34 - Joe Frank Hamilton & Reynolds - Don't Pull Your Love
10:44 - Listenbee - Save Me
10:50 - Miss Montreal - Just A Flirt
10:53 - Eric Clapton - Tears In Heaven (Unplugged)
11:06 - Beatles - Penny Lane
11:09 - Years & Years - King
11:15 - Cock Robin - Thought You Were On My Side
11:22 - De Kast - In Nije Dei (Live)
11:27 - John Newman - Come And Get It
11:33 - Graig Mclachlan & Check 1-2 - Mona
11:37 - U2 - All I Want Is You (Single Edit)
11:43 - Boudewijn De Groot - Welterusten Mijnheer De President
11:46 - Maitre Gims - Est-Ce Que Tu M'aimes
11:50 - Douma & Douma - Droegeham
11:54 - Mika - Grace Kelly
Diel dit berjocht op:
Arjen Overmaat

Muzyk yn Bedriuw

Njonken in hiel soad muzyk fan de list fan it bedriuw fan de dei, hearst hjir wêr't oer praat wurdt by de kofje-automaat. Gjin swiere saken, wol nijsgjirrige ûnderwerpen.
Presintaasje: 
Arjen Overmaat
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 9.00 oant 12.00 oere.
(advertinsje)