Muzyk yn Bedriuw fan 7 jannewaris 2016 09:00

Dizze wike ha wy bedriuwen dy't allegear te krijen hawwe mei goede foarnimmens yn it nije jier. Alle jierren stiet er wer yn de top 5 fan goede foarnimmens: ophâlde mei smoken. Mar dat is makliker sein as dien blykt elk jier mar wer. Wy belje dêrom efkes mei Anja Bijlsma. Anja is ferpleechkundich konsulint op de 'Stoppen met roken poli' fan it Antonius sikehûs yn Snits.

De ôfrûne dagen sieten in soad minsken thús om't se de dyk net op koene. Wa't ek twongen thús sieten, wiene de rydynstrukteurs fan Fryske rydskoallen. Want mei sok waar de dyk op mei in learling is ûnferantwurde. Yn de studio is Edwin van der Kerk fan rydskoalle Tilstra, dy't ús alles fertelt oer it geheim fan in goede rydynstrukteur.

En wy ha wer kontakt mei Mirjam Vellinga fan Praat Mar Frysk. Sy wol it graach mei ús ha oer de glêdens, dy't ús de ôfrûne dagen dwaande hâldt. Of sa't Mirjam seit: "Wy wiene der glêd mei oan..." En sa binne der folle mear moaie Fryske siswizen, dêr't glêdens yn foarkomt.

Anja Bijlsma fan de 'Stoppen met roken poli'

Rydynstrukteur Edwin van der Kerk

Mirjam Vellinga fan Praat mar Frysk

09:03 - Roos Linda & Jessica - Ademnood
09:07 - Diana Ross - Stop In The Name Of Love
09:11 - Coldplay - Viva La Vida
09:14 - Golden Earring - When The Lady Smiles
09:20 - Bruce Springsteen - I'm On Fire
09:23 - Claudia De Breij - Mag Ik Dan Bij Jou
09:27 - Pharrell Williams - Happy
09:36 - Berlin - Take My Breath Away
09:41 - Pink Floyd - Another Brick In The Wall
09:50 - Abba - The Winner Takes It All


10:03 - J. Geils Band - Freeze Frame
10:10 - Pretenders - I'll Stand By You
10:20 - Coldplay - Adventure Of A Lifetime
10:23 - Amy Winehouse - You Know I'm No Good
10:28 - Rayonhaden (Veeman) - Froastferlet
10:37 - Justin Bieber - Sorry
10:40 - Sake - Denk An Dy
10:48 - Ub 40 - Breakfast In Bed
10:54 - Elton John - Circle Of Life


11:05 - Chris Andrews - Yesterday Man
11:07 - Suzanne Vega - Marlene On The Wall
11:12 - Miss Montreal - Love You Now
11:16 - Lammertjan & Jelte - Yn Fryslan Bleaun
11:26 - Sam Smith - Stay With Me
11:34 - Het Goede Doel - Net Zo Lief Gefortuneerd
11:39 - Nico Haak - Winter
11:43 - Bastille - Things We Lost In The Fire
11:48 - Rolling Home - Twenty Years Young
11:55 - Ray Charles - Hit The Road Jack
Share this page on:
Arjen Overmaat

Muzyk yn Bedriuw

Njonken in hiel soad muzyk fan de list fan it bedriuw fan de dei, hearst hjir wêr't oer praat wurdt by de kofje-automaat. Gjin swiere saken, wol nijsgjirrige ûnderwerpen.
Presintaasje: 
Arjen Overmaat
(advertinsje)