Muzyk yn Bedriuw fan 4 septimber 2015 09:00

    Sneon 5 septimber wurdt yn Wynjewâld de 12e edysje fan strjittefestival 'Willedei' organisearre. It programma stiet fol mei muzyk, dûns, teater, berne-aktiviteiten, de bradery en fansels folop wille yn it sintrum fan Wynjewâld. Grietje Rooks fan de organisaasje kin ús der alles oer fertelle.

    Henk Rigter komt nei de studio om te fertellen oer it 2015Festival. Moarn wurdt dit festival foar de lêste kear organisearre yn Drylts. In unyk festival dat foar de alfde kear organisearre wurdt troch in grutte groep frijwilligers út it stedsje. Mei har allen fiere se de resultaten fan de Milenniumdoelen, dy't dit jier ôfrinne. En der steane grutte nammen op it programma mei ûnder oare Dotan, Douwe Bob, Nynke Laverman, Danny Vera, Dolf Jansen en Pieter Derks. Minister Ploumen is earegast en it radioprogramma Spijkers met Koppen stjoert live út fan it festivalterrein ôf.

    It iepenbier ûnderwiis yn De Westereen bestiet dizze moanne 200 jier. En dêrom wolle se dêr no graach in reüny organisearje. Mar... der binne noch fierste min oanmeldings. En dêrom driget de reüny no miskien net troch te gean! Piet van der Valk docht in oprop foar nije oanmeldings. Opjaan kin fia http://200jaaropenbaaronderwijs.zwaagwesteinde.net/inschrijven.html

    En Willem de Vries komt del om te fertellen wa't hy fan 'e middei allegear te gast hat by Noardewyn live!

    Grietje Rooks oer de Willedei yn Wynjewâld

    • Grietje Rooks oer de Willedei yn Wynjewâld

    Henk Rigter oer it 2015 Festival - diel 1

    • Henk Rigter oer it 2015 Festival - diel 1

    Henk Rigter oer it 2015 Festival - diel 2

    • Henk Rigter oer it 2015 Festival - diel 2

    Piet van der Valk oer de reüny yn De Westereen

    • Piet van der Valk oer de reüny yn De Westereen
    07:19 - Buggles - Video Killed The Radio Star
    07:50 - Lost Frequencies - Are You With Me
    08:16 - Roy Orbison - You Got It
    08:37 - Gino Vannelli - People Gotta Move
    08:44 - Gurbe Douwstra - 35+
    09:05 - Adele - Rolling In The Deep
    09:09 - Die Twa - Het Gaat Zoals Het Gaat
    09:13 - U2 - Where The Streets Have No Name
    09:19 - Trijntje Oosterhuis - Vlieg Met Me Mee
    09:22 - Beatles - Love Me Do
    09:25 - Extreme - Get The Funk Out
    09:33 - Chicago - Saturday In The Park
    09:37 - Gurbe Douwstra - Lit Jim Gean, Friezen
    09:41 - Kensington - War
    09:44 - Claudia De Breij - Mag Ik Dan Bij Jou
    09:52 - Randy Newman - Birmingham
    Arjen Overmaat

    Muzyk yn Bedriuw

    Njonken in hiel soad muzyk fan de list fan it bedriuw fan de dei, hearst hjir wêr't oer praat wurdt by de kofje-automaat. Gjin swiere saken, wol nijsgjirrige ûnderwerpen.
    Presintaasje: 
    Arjen Overmaat
    (advertinsje)