Muzyk yn Bedriuw fan 4 oktober 2017 09:00

De muzyk komt hjoed fan de organisaasje fan de doarpsreüny fan Ouwesyl! Dy is takom jier pas, mar elkenien moat er fansels wol fan ôf witte sadat se komme kinne! Aafke Glazema fertelt deroer.

Hjoed in hiele bysûndere dieredei by de Omrop Fryslân mei spesjale gasten...

En fansels is der wer lyts nijs... dat ek hiel grut wêze kin! Want Sven van der Zee út Ljouwert is 17 jier en hy kin sa goed websiden meitsje en programmearje dat er nei Abu Dhabi mei... Hoe't dat no wer sit?

Bedriuw fan de dei: Doarpskomitee fan Ouwe Syl

  • Bedriuw fan de dei: Doarpskomitee Ouwe Syl

Gizmo siket in baaske! Bisto dat?

  • Kat Gizmo yn de studio

It is dieredei, 4 oktober dus. Baaskes fan hûnen, katten, kninen, hamsters, parkiten sille har bisten op dizze dei ekstra bedjerre. Mar wat no as in kat of hûn gjin baaske hat? It diere-asyl sit fol mei katten en hûnen en om dêr in baaske foar te finen, falt net altyd ta. Omrop Fryslân bemiddelet by it finen fan in baaske en wurket gear mei De Wissel. Linda Colijn fan de Ljouwerter diere-opfang siket in thús foar Gizmo en docht in oprop oan harkers.

Wa siket Gizmo?

Gizmo siket ien dy't him in rêstige húshâlding biede kin, rêst, romte en in geregeld bestean. Net folle drokte, in soad stabiliteit en net tefolle minsken oer de flier. Net mei oare húsdieren. Gizmo hat graach it ryk allinne en krûpt inkeld mei syn nije eigener. Gizmo hâldt net fan oare katten, dus net yn de hûs mar ek net yn de buert. Dêr rekket er wat fan yn de stress. Nije sitewaasjes kin Gizmo spannend fine en dan krijt er lêst fan stress. Hy hâldt net fan bern en ek net fan in drokke buert. Wat rêstiger de buert, wat better oft Gizmo him fielt. Hy hâldt fan oandacht, krûpe en lekker iten.

Wa is Gizmo?

Gizmo is in moaie grutte boarre fan sân jier. It is in 'beauty' om te sjen en hy hat in leaf karakter en is oanhinklik. Hy hâldt derfan om nei bûten te gean om op aventoer te gean. "Hij is speels en met zeven jaar niet oud, hij kan nog wel zeven jaar mee," fertelt Linda. "Het is echt een mensenkat, heel aanhankelijk. En ook mooi groot voor een gecastreerde kater." De kat kaam yn it asyl om't syn baaske in poppe krige en dêr rekke er fan oerstjoer. "Hij vond dat heel raar en kon daar niet goed mee overweg."

Lyts nijs....wat ek hiel grut wêze kin!

  • Sven van der Zee út Ljouwert is 17 jier en giet nei Abu Dhabi!

Sven van der Zee út Ljouwert is 17 jier en hie kin sa goed websiden meitsje en programmearje dat er nei Abu Dhabi mei... Hoe't dat no wer sit? 

09:05 - Cliff Richard - Dreamin'
09:09 - Maria Mckee - Show Me Heaven
09:14 - Abba - Dancing Queen
09:17 - Guus Meeuwis - Brabant
09:21 - Mika - Big Girl (You Are Beautiful)
09:25 - Folkert-Hans - Cha Cha Cha
09:37 - Bzn - Just An Illusion
09:40 - Twarres - Wer Bisto
09:44 - Dolly Parton - 9 To 5
09:51 - Bryan Adams - Heaven
09:55 - En Vogue - My Lovin' (Radio Edit)
10:05 - Queen - A Kind Of Magic
10:09 - Janieck - Feel The Love
10:15 - Gaatze - De Leste
10:22 - Police - De Do Do Do, De Da Da Da
10:34 - Simply Red - Fake
10:37 - Stevie Wonder - Sir Duke
10:43 - Zayn & Taylor Swift - I Don't Wanna Live Forever
10:52 - Army Of Lovers - Give My Life
10:55 - Tina Turner - Let's Stay Together
11:07 - Cher - The Shoop Shoop Song (It's In His Kiss)
11:09 - Marcia Hines - Your Love Still Brings Me To My Knees
11:17 - Murk Aukema - Don't Know Why
11:20 - Calvin Harris Ft. Frank Ocean - Slide
11:24 - Ub40 - Rat In Mi Kitchen
11:35 - Britney Spears - Baby One More Time
11:39 - Armin Van Buuren - Sunny Days
11:42 - Elvis Presley - In The Ghetto
11:46 - Eternal - I Wanna Be The Only One
11:50 - Avril Lavigne - Complicated
11:54 - Pigmeat - Herman Moest Naar Brada (Liwwarders)
Arjen Overmaat

Muzyk yn Bedriuw

Njonken in hiel soad muzyk fan de list fan it bedriuw fan de dei, hearst hjir wêr't oer praat wurdt by de kofje-automaat. Gjin swiere saken, wol nijsgjirrige ûnderwerpen.
Presintaasje: 
Arjen Overmaat
(advertinsje)